Akkrumer Reuzedei oer duorsumens lûkt rekôrtal besikers

07 maaie 2016 - 17:19

Mei mear as 8000 besikers is der sneon in rekôrtal minsken op de Reuzedei yn Akkrum ôfkaam. De dei stie folslein yn it teken fan duorsumens. It giet dan foaral om duorsumens dy't húshâldens sels tapasse kinne.

Fan it enerzjyneutraal meitsje fan je hûs oant ride op grien gas en sinneboaten, alles wie der te finen. Ien fan de hichtepunten dit jier is in kabine fan in wynturbine, dêr't je yn sjen kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)