ONS Boso Snits is feilich nei 2-1 winst by RVVH

07 maaie 2016 - 17:04
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits pakte sneon wichtige punten troch mei 2-1 te winnen fan RVVH. Yn Ridderkerk hie de thúsploech de earste helte de bêste kânsen op de iepeningstreffer. Peal en latte stiene in doelpunt fan RVVH lykwols yn it paad.

Op slach fan rêst gie de bal der wol yn oan de oare kant. In eigen treffer fan RVVH soarge foar in 0-1 foarsprong foar ONS. Nei it skoft soarge Danny Kampstra yn de 58e minút foar de 2-0. De Ridderkerkse oanslutingstreffer foel rap dêrnei, mar fierder liet de ploech fan trainer Richard Karrenbelt it net komme.

Troch de winst spilet ONS takom seizoen wer yn de topklasse. Dy topklasse krijt wol in oare namme: tredde difyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)