Lêste etappe kuieralvestêdetocht ôfsletten mei Fryske Dei

Goed sânhûndert dielnimmers binne der yn slagge de alvestêdetocht te kuierjen. Se ha de totale ôfstân fan 207 kilometer yn fiif dagen tiid rûn. Sneon wie de lêste etappe fan Dokkum nei Ljouwert. Njonken de minsken dy't alle fiif dagen rûn ha, binne der ek noch in pear hûndert kuierders dy't ien of in pear dagen meirûn ha. Yn totaal ha goed tûzen minsken meidien.
De organisaasje hie dizze lêste dei omdoopt ta Fryske Dei. In soad dielnimmers giene ferklaaid yn klean mei de Fryske flagge. De lêsten koene oant trije oere oankomme.
Omdat it de santichste edysje fan de kuieralvestêdetocht wie, koene dielnimmers op in soad plakken genietsje fan kulturele aktiviteiten. Foarsitter Tom Yntema fan de organisaasje is tige tefreden oer it evenemint. Yn ferbân mei de waarmte wie der op meardere plakken by de rûte wetter beskikber.
De oankomst fan de kuieralvestêdetocht wie sneon yn De Harmonie yn Ljouwert. Dêr waarden ek de dielnimmers huldige dy't de tocht foar de tsiende kear folbrochten.