Primus Inter Pares wint roei-alvestêdetocht

07 maaie 2016 - 14:12
  • It winnende team fan de Primus Inter Pares

De roeiboat 'Primus Inter Pares' fan roeiferiening Aengwirden fan It Hearrenfean is sneon winner wurden fan de roei-alvestêdetocht. De boat mei slotroeiers Frans van der Steen, Jan-Bas van Noord en stjoerfrou Yvonne Terpstra kaam nei 210 kilometer roeien as earste oer de finish yn de Froskepôle yn Ljouwert. Sy setten in tiid del fan 17 oeren en 28 minuten, in healoere stadiger as it baanrekôr. Foaral de tsjinwyn yn it lêste stik fan it trajekt spile de winner parten.

Oare roeiers by de winnende boat wiene Klaas op den Velde, Wim ten Have, Reinout Schapers, Alex Wiersma, Taeke Castelein, Jan Jouke Kraak, Frans Göbbel en Dennis Vermeij. Njonken Yvonne Terpstra wie ek Ingrid de Hoo stjoerfrou by de 'Primus Inter Pares'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)