Twa fertochten fjochterij De Harkema oppakt

07 maaie 2016 - 13:11
  • Plysje yn De Harkema by de fjochtpartij

De plysje hat freedtejûn twa fertochten oanholden dy't it ôfrûne wykein belutsen wiene by slaanderij yn in feesttinte op De Harkema. Foarige wike wie de plysje manmachtich oanwêzich by de feesttinte op sportpark De Bosk, nei in melding oer in grutte fjochtpartij. Doe't de plysje dêr oankaam, wie de situaasje ûnder kontrôle, en op dat stuit is der net ien oanholden.

De plysje slút net út dat der letter noch mear minsken oanholden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)