BFVW wol stim yn greidefûgelsubsydzjes
It BFVW wol him yn de takomst mear spesjalisearje en him rjochtsje op it monitoaren fan alles wat der mei de greidefûgels te krijen hat. No bringe se al krekt yn byld wêr't de nêsten binne. Ek hâlde se hieltyd mear sicht op hokker predatoaren aktyf binne, mei bygelyks kamera's. Dêrneist wol it bûn in advysfunksje krije yn de behearsfergoedingen.
Neffens Rendert Algra witte sy goed hokker maatregels fertuten dogge en hokker boer him ynset foar de fûgels en dus rjocht hat op in subsydzje. Dêr kinne sy bêst objektyf yn wêze, fynt er.
Neisoarchdei
It is sneon foar de achtste kear Fryske neisoarchdei. Hûnderten neisoargers binne it lân yn. Har grutste soarch is op it stuit de skries. In soad aaien komme no út, mar noch net alle nêsten binne yn kaart brocht. No't de boeren it lân yn gean om te meanen is de kâns grut dat der in soad nêsten fernield wurde.