Hannel yn twaddehânsk caravans sit yn 'e lift

07 maaie 2016 - 12:35
  • Twaddehânsk caravans yn de ferkeap

Der sit in protte hannel yn twaddehânsk caravans op dit stuit. Dat docht ûnder oaren bliken út sifers fan Marktplaats. Dêr is de ôfrûne twa moanne 16.000 kear mear nei caravans socht as yn deselde perioade ferline jier.

Ek foar de caravanhannelers yn Fryslân binne it goede tiden. Neffens eigener Sjouke Postma fan Caravancentrum Zwaagwesteinde is it by harren goed te fernimmen dat der mear caravans ferkocht wurde. Neffens him komt dat, omdat de krisis foarby is en minsken benaud binne om nei gefaarlike lannen te reizgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)