Seizoen foarby foar sealfuotbalfroulju Drachtster Boys

07 maaie 2016 - 12:07

It seizoen is foarby foar de sealfuotbalfroulju fan de Drachtster Boys. Freedtejûn ferlearen se de twadde heale finale yn de play-offs fan Pernis. Yn Schiedam waard it 3-1, en dat wie net genôch foar de Drachtsters. Ferline wike wie de earste heale finalewedstriid mei 3-2 ek al foar Pernis.

Pernis spilet de finale yn de striid om it lânskampioenskip tsjin Os Lusitanos út Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)