Plannen foar in e-sigarettefabryk yn Ljouwert

Elektroanyske sigaret © ANP
Der binne serieuze plannen om in produksjehal fan elektroanyske sigaretten nei Ljouwert te heljen. Undernimmer Hans-Henk Wolters wol de produksje fan de sigaretten út Sina weihelje. De kwaliteit soe yn Ljouwert better wêze. Op termyn soene der 40 oant 60 minsken oan it wurk komme moatte, it soe dan gean om minsken dy't op dit stuit dreech oan in baan komme kinne.
De plannen binne noch net hielendal rûn. "Ik doar myn hân der net foar yn it fjoer te stekken", sa seit Wolters.