Humanitas helpt Ljouwerters én flechtlingen

Humanitas helpt yn Ljouwert en omjouwing hieltyd mear minsken mei harren thúsadministraasje. Foarich jier gie 115 kear in frijwilliger fan de helporganisaasje nei ien ta dy't de finansjes sels net mear goed op de rit hie. Yn 2014 wie dat minder, nammentlik 85 kear.
Humanitas koe de helpoanfragen goed oan, omdat der mear frijwilligers by kommen binne. Ek wurket Humanitas goed gear mei organisaasjes as it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden (FSU) en Budgetmaatjes Fryslân.
Maatsjes foar flechtlingen
Frijwilligersorganisaasje Humanitas wol ek in maatsjesprojekt opsette foar de flechtlingen yn Ljouwert. Yn de needopfang Heliconstate is foar de flechtlingen net in soad te dwaan, sa seit foarsitter Koos de Vetten fan Humanitas. In maatsje soe dêryn útkomst biede kinne. In ienfâldige aktiviteit ûndernimme, soarget foar wat ôflieding by flechtlingen. Humanitas siket noch frijwilligers foar dizze maatsjes-projekten.