Kollum: "Drave"

07 maaie 2016 - 08:57
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"It is drok yn de stêd. Elkenien winkelet, sa liket it wol. Likegoed sjoch je se fanút de fierte al stean. Se ha faak itselde jaske oan. Of in hesje. Mei in tekst derop. Reklameteksten. Je besykje se te ûntrinnen, mar faak slagget dat net. Yn Parys wiene se noch mei folle mear as yn Snits. Mar dy yn Parys woene je hantekening ha. Foar ien of oar goed doel. Of dat je tekenen om it hesje elke moanne 5.000 euro te jaan. Ik koe dat net ynskatte en wegere. Sa ôfwarrend mooglik der lâns rinne en absolút gjin petear oangean.

Sa ha ik dus gjin hantekening set foar it feiliger meitsjen fan Parys en wie it koart dêrnei oarloch. Yn Snits stean se net foar in goed doel, mar mei in krante of blêd of sa. Dy wolle se jo jaan. Ik wol gjin krante of blêd ha as ik midden yn Snits omrin. Wêr moatte je mei dy rommel hinne.

Dus ik doch krekt sa ôfwarrend as yn Parys. Dêr helje se dan it skouder op, mar hjir wurde jo neistapt. “Maar meneer……” en dan komme ferhalen hoe goed as it wêze soe dat ik dat blêd lêze soe. Ik draaf fuort. Net it petear oangean. It slimst is noch dat je werom moatte nei de feilige auto en dan wer lâns dy hesjes slûpe moatte. Mar dan hat ien je dochs ûntdutsen en biedt jo dyselde krante of blêd wer oan. En dan komt dus de grutste flater dy’t je begean kinne. Dan sizze je “dat ha jim my ferdomme sakrekt ek al frege en doe ha’k nee sein, wêrom soe dat no feroare wêze”. Dan binne je per ûngelok dus wol in petear begûn en moatte je hurder as Dafne Schippers troch de Oasterdyk drave. Dan kom je thús, dan giet de telefoan en dan seit der in studintestim: “Aah meneer, u bent thuis, mag ik u storen want wij hebben een geweldige aanbieding…….”. Nee. Soademiterje op.

Yn de winkelstrjitte fan Burgum wurde jo ynkoarten oansprutsen troch in man mei in i-padsje. Jo tinke logyskerwiis dat dy man jo abonnearje wol foar in pornosite en dat hy der alfêst wat fan sjen litte kin. Wy leare ús bern ommers dat lju mei in i-padsje yn de hân gefaarlike lju binne. Mar der stiet ek sa’n man by de stjonkfabryk fan Sumar. Of by de iennige winkel yn Earnewâld. As je sizze “ik wenje yn Ljouwert”, dan wurde jo gjin slachtoffer. Se sykje inkeld ynwenners fan Tytsjerksteradiel. Mar as je dat binne, en jo traapje der ek noch yn mei in petear, o wat binne je dan de lul. Dan moatte jo nammentlik op dat i- padsje sjen. En dêr krij je gjin wip fan yn de angel, op de i-pad stean inkeld fragen. In hiel soad oerstallige fragen, want de eigentlike fraach sil wêze "wat foar soarte boargemaster wol jim hjir yn Tytjerksteradiel ha". No en it iennige goede andert sil wêze “in goeien”. Mar no is it ferfelende dat dy mantsjes en froutsjes dy’t dy i-pad fêsthâlde, dat binne riedsleden fan de gemeente Tytsjerksteradiel. En dy ha harsels de opdracht jûn dat dy nije boargemaster aanst op hannen droegen wurde sil troch de jûchheiende Tytsjerksteradielster mienskip.

Sjoch, Ter Keurs giet per 1 septimber fuort dan komt der earst ek noch immen dy’t op de winkel passe kin. Dus ha dy riedsleden moai de tiid om in goeien te finen. Want dat is dus de eask fan de befolking.

Maaaaar, der is fansels in buro frege om dit proses te begelieden. En like fansels is dat in buro bûten Fryslân wei, want wy wolle en kinne soks net betinke. Fansels net. Je krije allegearre fan dy dizenige fragen, in healoere brabbeljen. En de fraach wêrop't je útkomme is dus: wolle jim in rêstige betroubere boargerheit (Fred Veenstra) of in entûsjaste fernijer (Tjeerd van der Zwan). En as je dêroer yn petear reitsje mei riedsleden dan binne je fan ien ding wis: dat se neat mei sa’n i-pad-enkête kinne. En dat is mar goed ek. Want úteinlik wurdt der altyd in oaren beneamd as dy’t de minsken ha wolle. Dus Tytsjerksteradielsters, sjoch jim immen mei in i-padsje: fuortdrave."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)