Jierlikse roei-alvestêdetocht úteinset yn Ljouwert

In alvestêdetocht op it wetter, by de Prinsetún yn Ljouwert begûn freedtejûn de 31ste edyzje fan dit jierlikse roeispektakel. Mar leafst 81 teams, wêrûnder sa'n tsien studinteploegen, moatte dit jier wer in ôfstân ôflizze fan 210 kilometer. De dielnimmers besykje it rekôr fan krekt ûnder de santjin oeren te ferbetterjen.
Nei de start yn Ljouwert geane de roeiers nei Dokkum, fan dêr of farre se yn it tsjuster nei Aldtsjerk, Ljouwert, Snits en Drylts. Elke boat is ferljochte mei in spesjale lampe, sadat de dielnimmers ek yn de nacht farre kinne. Sneontemoarn komme de boatsjes oan yn Sleat, om fan dêr nei Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert en Frjentsjer te gean. Middeis om ûngefear 13.00 oere wurde de roeiers wer ferwachte by de einstreek yn Ljouwert.