Ungelok by Rinsumageast, belutsene nei it sikehûs

06 maaie 2016 - 21:11

By in botsing op de Kolkhuzerwei by Rinsumageast is freedtejûn ien fan de belutsenen ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. By it ûngelok botsten twa auto's op inoar. Nei alle gedachten wie ien fan de auto's oan it kearen op de dyk. De oare belutsenen kamen mei de skrik frij.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)