Drokte op waarm Roes-festival yn Jobbegea

Mei temperatueren boppe de tweintich graden hie it nije Roes-festival yn Jobbegea freed in simmerske start. Al sûnt de jierren '70 is it tradysje dat dêr de freeds nei himelfeart in 'oanklaaide' rommelmerk hâlden wurdt. Dit jier waard it lykwols allegearre noch fierder oanklaaid ta in kompleet strjitfestival ûnder de namme 'Roes-festival'. De namme fynt syn basis yn de ôfkoarting fan 'Rûs op 'e slûs'.
Hûnderten minsken út it doarp en omkriten koene op it festival yn 'e kunde komme mei tal fan organisaasjes, mar ek telâne by de bekende stands. In soad omtinken wie der foar sang en dûns en ek foar iten en drinken. Fanwege it strieljende simmerwaar die benammen de iiskoman goede saken.