Gjin tentoanstelling oer Jentsje Popma yn Fries Museum

It Fries Museum sil foarearst gjin tentoanstelling hâlde oer de Fryske keunstner Jentsje Popma. Dat seit direkteur Kris Callens as antwurd op de aksje fan galeryhâlder Jitse Sikkema út De Wilgen. Dy is op Facebook in aksje úteinset om't er fynt dat de 95-jierige Popma noch by syn libben sa'n eksposysje fertsjinnet. Neffens Sikkema hat de keunstner syn oandiel yn de Fryske skilderkeunst mear as bewiisd.
Direkteur Callens hat wol respekt foar it fan wurk Popma, mar mient dat de keunstner net oan de stelde kritearia foldocht: erkenning yn it bûtenlân of it winnen fan de Gerrit Benner keunstpriis. Lanlik bekend keunstner Douwe Elias út Frjentsjer neamt dat lykwols ûnsin. Neffens him is it wurk fan Popma fan ynternasjonale alluere en hat de keunstner boppedat in soad ynfloed hân op it wurk fan hjoeddeiske Fryske keunstners.
Aksje
Ek Sikkema lit it der noch net by sitte. Neffens him ha yntusken in soad keunstners en galeryhâlders har by de aksje oansletten om it Fries Museum op oare gedachten te bringen.