Frou rydt mei scootmobyl it wetter yn by Appelskea

06 maaie 2016 - 15:59

De brânwacht yn Appelskea hat freedtemiddei in frou út it wetter rêden. De frou wie mei har scootmobyl troch noch ûnbekende oarsaak it wetter fan de Vaart Noordzijde ynriden. Se koe har sels fêsthâlde oan de wâlkant, wêrnei't de brânwacht har út it wetter helle.

Dêrnei is ek de scootmobyl út it wetter fiske. De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)