Paula Boonstra nije spylster foar follybalsters VC Snits

© Henk Jan Dijks
Follybalklup VC Snits hat in nije spylster. It is de 17-jierrige Paula Boonstra, se wennet yn Gytsjerk en spile it ôfrûne seizoen foar topdifyzjeklup Sudosa yn Assen en it nasjonale jeugdteam.
VC Snits ferwachtet nei it wykein noch in nije spylster bekend te meitsjen. De lânskampioen moat sa'n fiif nije follybalsters oanlûke.