Cambuur wol sportive plicht dwaan

06 maaie 2016 - 13:36

Cambuur hat snein yn de lêste kompetysjewedstriid neat mear te winnen of te ferliezen. De Ljouwerters binne al degradearre. Foar tsjinstanner Excelsior leit it oars. De Rotterdammers stean no op it feilige 15e plak, mar hawwe mar ien punt foarsprong op Willem II. De Rotterdammers hawwe dus noch alles te winnen snein. Cambuur sil syn sportive plicht dwaan, sa sei trainer Marcel Keizer. Cambuur hat in lange list mei blessearde spilers, wêrûnder keeper Nienhuis, Martijn van der Laan en Jerge Hoefdraad. Byrne en Lachman binne beide skorst.

Cambuur nimt snein nei de wedstriid ôfskied fan mar leafst trettjin spilers. Dan giet it om spilers fan wa't it kontrakt ôfrint, of spilers dy't hierd binne fan oare klups.

Cambuur spilet nei alle gedachten mei de folgjende basis: Zeinstra; Vytas, Mac-Intosch, Peersman, Hiariej; Bakker, Overgoor, Van de Streek, Monteiro; Barto, Houtkoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)