Hearrenfean wol "miljoeneduel" winne

06 maaie 2016 - 12:39

Hearrenfean nimt it snein yn de lêste kompetysjewedstriid fan dit seizoen op tsjin ADO Den Haach. It liket op it earste each in wedstriid dy't nearne om giet. Mar der steane foar de ploech fan Foppe de Haan útsein de sportive eare ek finansjele belangen op it spul. De posysje op de ranglist is bepalend foar hoefolle telefyzjejild as je krije. De direksje hat de spilersried ferteld dat der sa'n 1,5 miljoen euro op it spul stiet.

Lucas Bijker is skorst en Joey van den Berg is in twivelgefal foar it duel tsjin ADO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)