Omrop Fryslân fljocht nei Amearika om F35's te folgjen

06 maaie 2016 - 12:11
  • Joint Strike Fighter
  • De nije F35
  • De F35 op Eglin Air Force Base yn Florida

Oer in pear wiken kinne we 'm dan yn it echt sjen: de F35, de JSF. Yn de wike fan 23 maaie is it de bedoeling dat it tastel nei fleanbasis Ljouwert komt foar de saneamde 'belevingsvluchten'. Dat wurdt ek dien by de fleanbasis Volkel. By de iepen dagen fan de loftmacht op 10 en 11 juny op de fleanbasis Ljouwert kin it grutte publyk dan ek einliks sjen wat Nederlân krekt kocht hat. Kommende wike is Omrop Fryslân te gast by de Ljouwerters op fleanbasis Edwards yn de Feriene Steaten. Om te sjen hoe't it giet mei de tarieding foar de flecht nei Nederlân en ek hoe't sy sjogge nei de 'belevingsvluchten' en de presintaasje fan it tastel oan it grutte publyk.

Troch Hayo Bootsma

De komst fan it tastel is in moaie opstekker foar Definsje. De lêste jierren is der allinnich mar besunige. Tanks ha we net mear, der moat socht wurde om munysje foar de soldaten en fan de twahûndert F16's dy't Nederlân ea hie binne der mar goed sechstich oer. It is ek in moaie opstekker foar de omwenners. Dat se no sels hearre kinne hokker lûd as it tastel makket. Al jierren trune se by Definsje oan op it ynstallearjen fan in permanint lûdsmjitnet rûnom de basis. En ek al jierren wolle se witte wat no de krekte ympakt is fan it lûd fan de F35. De ferwachting is dat it tastel folle mear leven makket as de F16. Mar net ien yn de omjouwing hat it tastel yn it echt heard.

Om temjitte te kommen oan dy winsk hat minister Hennis-Plasschaert ynstimd mei de 'belevingsvluchten' en de komst fan in lûdsmjitnet. It is de bedoeling dat de omwenners in goed en reëel byld krije fan it lûd dat it tastel produsearret. Der wurdt dan ek flein sa't dat yn de takomst ek dien wurdt as it tastel operasjoneel is op de fleanbasis Ljouwert. Der fleane ek hieltyd F16's mei. It ferskil yn leven en de belibbing dêrfan moat dan goed dúdlik wurde.

In oantal jierren lyn wie dit sa'n bytsje noch ûntinkber. It ministearje fan definsje wie in sletten bolwurk. Omwenners feriene yn de kommisje lûdshinder krigen kwealik in foet tusken de doar. Alle fersiken om mear iepenheid waarden ôfwiisd. De doarren bin de ôfrûne jierren iepenset. Der is dúdlik in oare kommunikaasje-strategy keazen. Sa waard de altyd geheime miljeufergunning fan de fleanbasis Ljouwert ynienen frijjûn. Earder wie dat ûnbesprekber, no is dizze troch elkenien yn te sjen.

Dy iepenheid moat ek soargje foar mear entûsjasme foar de F35. It tastel hat in negatyf imago. Freegje de gemiddelde man of frou en dy sil sizze dat it projekt in fiasko is dat ús fierstente folle jild kostet. De 'vliegende Fyra' is ien fan de bynammen dy't guon politisy wolris brûke. Miljarden euro's en dollars bin al yn de ûntwikkeling fan it tastel stutsen mar der bin noch hieltyd grutte problemen mei de software. Dochs bin de piloaten dy't der mei fleane entûsjast. Ja, de software moat better. Mar as dy draait dan is de F35 it meast avansearre tastel dat op it stuit fleant. In F16-piloat stelde nei in oefening dat hy der efter kaam is altyd in tsjustere keamer flein te hawwen. Doe't de F35 der by kaam gie it ljocht oan en koene se folle mear sjen wat der om har hinne barde en wiene se ek better by steat misjes út te fieren.

Safier is it noch net. De earste tastellen wurde pas yn 2019 op de fleanbasis Ljouwert stasjonearre. Dan is it tastel ek foar Nederlân operasjoneel ynsetber. No wurdt der noch drok test. It Ljouwerter test- en evaluaasjesquadron 323 docht dat op it stuit op de fleanbasis Edwards yn Californië, Feriene Steaten. In team fan 35 minsken wurket dêr oan nije taktiken en is ek dwaande mei de ynsetberheid fan it tastel yn de takomst. Dêr kin dat sûnder problemen. Edwards is it testsintrum fan de Amerikaanske loftmacht en leit njonken in drûchfallen mar. Oerlêst is der amper. Der kin omraak flein wurde. The sound of freedom, sa't de Amerikanen it lûd fan de fleantugen graach neame, klinkt dêr hast konstant. Dat lûd komt no einliks ek nei Fryslân. Sa't we sels útfine kinne oft it no echt safolle lûder is as dat fan de F16.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)