Welcome To The Village en Innofest komme mei ynnovaasjepriis

06 maaie 2016 - 11:43
  • Welcome to the Vilage 2014

Festival Welcome to The Village komt tegearre mei Innofest mei in Smart Festival Award. Dit is in priis foar ûndernimmers, studinten of partikulieren dy't mei de twa bêste ideeën komme op it mêd fan duorsume ynnovaasje. De winners krije in jildbedrach en stipe om it idee fierder út te wurkjen.

Welcome to The Village hat op it festival in eigen minymienskip. Dit makket dat it it perfekte plak is om ideeën út te testen, seit de organisaasje. Oanmelde kin oant 6 juny, de foarrondes fine begjin july plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)