Sa'n 1300 roeiers oan start fan 42e HT-race

06 maaie 2016 - 11:24

De 42e edysje fan de HT-race is freedtemoarn fan start gong yn Harns. Der dogge 135 sloepen mei sa'n 1300 roeiers mei, dat binne fiif ploegen mear as de ôfrûne jierren. De organisaasje hat foar dizze edysje fiif wildcards útdield. De dielnimmers moatte sa gau mooglik fan Harns nei Skylge roeie.

De waarsomstannigheden binne poerbêst. It is waarm, de sinne skynt en der stiet in matige wyn. De wynrjochting is allinnich net hielendal perfekt: de wyn komt út it (súd)easten, wylst de roeiers leaver in súdwestewyn hawwe.

De organisaasje hat de dielnimmers fierders warskôge op te passen foar oerferhitting. De roeiers krigen ûnder oare it advys genôch wetter mei te nimmen en in petsje op te dwaan. De roeiers finishe yn de rin fan 'e middei op Skylge. De útslach wurdt sneontejûn bekend makke.

Trefwurden: 
roeien HT-race Harns Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)