Earedifyzjeklups fuotbalje kommend wykein mei nije bal

06 maaie 2016 - 11:04
  • In fuotbal

De earedifyzjeklups fuotbalje kommend wykein yn de lêste wedstriid fan it seizoen mei in nije bal. Ballemakker Derbystar yntrodusearret dan de bal dêr't ek it kommend seizoen mei spile wurdt. De bal liket bot op de tradisjonele fuotbal, mei swarte en wite seishoeken. Om't de earedifyzje kommend seizoen sechstich jier bestiet, komt der ek noch in spesjaal logo op de bal. Hoe't dat derút sjocht, wurdt pas nei de simmerstop bekend makke.

SC Cambuur nimt it snein yn eigen hûs noch op tsjin Excelsior, SC Hearrenfean spilet út tsjin ADO Den Haag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)