Heger berop oer oanfarring IFKS skûtsjes ôfwiisd

06 maaie 2016 - 10:20
  • De gyk fan skûtsje Zeldenrust bruts en ferwûne in bemanningslid

De sylried hat it heger berop fan skûtsjeskipper Arnold Veenema fan Snits ôfwiisd. Dat betsjut dat Veenema dit jier net útkomt yn de A-klasse fan de IFKS mei syn skûtsje Zeldenrust. Hy bliuwt yn de B-klasse. As de skipper it berop wûn hie, koe er promovearje.

Foarich jier kaam Veenema flak foar de start fan de silerij op De Lemmer yn oanfarring mei de Verandering fan Sint Bekkema. De gyk fan de Zeldenrust bruts en rekke de rêch fan in bemanningslid. Dy waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Veenema moast de wedstriid stake.

De protestkommisje oardiele dat Bekkema gjin skuld hie oan de oanfarring, mar Veenema gie yn berop.

Om oanfarringen foar te kommen hat de IFKS dit jier besletten de wedstriden fan de B- en de C-klasse net mear op itselde momint op itselde wetter te fersilen. De C's starte no earder, en de B's wat letter. Dat betsjut wol dat de silerij fan de grutte A no ek wat letter úteinset. Gewoanwei wie dat om 14.10 oere, no wurdt dat 14.30 oere.

 De Verandering en de Zeldenrust sylden ferline jier beide yn de B-klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)