Kollum: "Leuk"

06 maaie 2016 - 09:03
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Soms lêze je sûnder euvelmoed de krante en fiif minútsjes letter stiet je hiele holle yn de brân. Dat hie ik woansdei. It soe in prachtige dei wurde, de loft wie blau en de sinne glûpte fol entûsjasme troch de farske bledsjes. Op de cover fan myn nijsblêd seach ik ús premier op in kleedsje sitten 'Rutte tussen de vluchtelingen' wie de krantekop. Rutte luts syn Ollekebolleke-gesicht. It like op de foto as sei er wat leuks.

Leuk. Tsjintwurdich moat alles leuk wêze. We wolle wurkje foar in leuk bedriuw, foar in leuke baas, mei leuke kollega's. We wolle leuke freonen, leuke bern, in leuk hûs en in leuke hûn of kat. We wolle leuke stikjes yn de krante lêze en leuke kollums hearre. Ik lij sels ek oan dizze leuk-sykte. Ik wol it leafst allinnich mar dingen dwaan dy't ik leuk fyn. Ik wit heus wol dat it ûnsin is. Sûnder reinwaar gjin blommen, wol ik mar sizze.

Soms is leuk fier te sykjen. As de bommen om je earen fleane bygelyks en je flechtling wurde. Fan hûs wêze, tsjin je sin yn, mei je lytse bern en net witte wêr't je terjochte komme. Dat is fiere fan leuk. Dat is it tsjinoerstelde fan leuk. Dan kin je allinnich mar earbied ha. Mar wat sketst myn fernuvering? Dat ús premier, Mark Rutte, op besite giet by in flechtlingekamp yn Libanon en dêr de folgjende histoaryske wurden yn syn mûle nimt: "Ik vind het zo leuk om in hun huisjes te kijken."

Lit it efkes op jo ynwurkje. Je binne yn in flechtlingekamp. Dêr't minsken út need yn goare plestik tinten wenje moatte. Neist in iepen jiskebult. Want der ride op moandeitemoarn echt gjin jiskeweinen om de smoargens op te heljen. Se ha hûs en hurd ferlitten. Der is gjin elektrisiteit. En dan liket it in premier út in Torentje fan in stjonkend ryk lân it LEUK om yn harren 'huisjes' te sjen. As wie er yn Center Parcs. Net allinnich fan it wurd 'leuk' begûn ik te stuiterjen, mar ek fan it wurd 'huisjes'. It ferlytsingswurd 'huisje' assosjearje je mei wat gesellichs. De wenninkjes fan in Hobbitdoarp. Of it húske fan Hans & Grietje.

It wie ek gjin slip of the tongue. Dat er it per ûngelok sei. Ik sil it fragmint út de reportaazje foarlêze. 'Rutte wil naar binnen, een tent in. 'Een huisje', zegt hij. 'Ik vind het zo leuk om in hun huisjes te kijken. Het zijn toch ook huisjes? Volgens mij noemen de mensen het zelf ook zo, het zijn hun huisjes geworden.' Ja, want as je it sá sizze, klinkt it allegearre wat minder ferskriklik. Ferskriklik net.

De eagen fan Jan Pronk, de eardere minister fan Ontwikkelingssamenwerking skeaten fol doe't hy in besite oan Somalië brocht, in lân dat doe ek teistere waard troch oarloch. Hy gûlde en frege om in gleske wetter. In minsklike reaksje. Mar ús premier kin syn ivige fleurichheid net timperje en docht krekt as is hy yn in fakânsjeparadys om efkes te sjen hoe't de fakânsjefierder der by sit. Leuk! Hoe fersinne je it. Ik kin er mei myn holle net by. En dan wie it ek noch 4 maaie. Jûns stie Rutte op de Dam by de Nasjonale Deadebetinking. Minsken te betinken dy't ek flechtsje hiene moasten. Ik sloech de krante grimmitich ticht."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)