Campina-boeren dogge mei oan lanlike iepen dei

06 maaie 2016 - 07:45
  • Iepen dei by Campina-boeren

Campina-boeren yn Swichum, Easthim, Bantegea en Nijeholtpea dogge freed mei oan in lanlike iepen dei fan harren suvelbedriuw. Besikers kinne fan de dielnimmende boeren in rûnlieding troch harren ûndernimming krije.

Ek wurdt der útlis jûn oer hoe't se omgeane mei it fee en wat foar har de gefolgen binne fan it ferdwinen fan it molkkwotum. Foar bern wurde spesjale aktiviteiten organisearre. Lanlik dogge goed fyftich Campina-boeren mei oan de iepen dei op de buorkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)