Pikestâl by Tsjom giet ferlern troch brân

06 maaie 2016 - 06:25
  • De ôfbaarnde pikestâl oerdeis

By Tsjom is tongersdeitenacht in lege pikestâl troch brân ferlern gong. De brânwacht sette nei de earste melding om 2.45 oere grutskalich yn om foar te kommen dat it fjoer oersloech nei oare loadsen by de buorkerij oan de Plattedyk.

De korpsen fan Wommels, Frjentsjer, Harns en Boalsert binne ynsetten, mei ûnder oare in grut wettertransport en in heechwurker, mar lang net elkenien wie úteinlik nedich. Der binne gjin minsken ferwûne rekke en de kâns dat der asbest frijkaam is, liket lyts. Om 4.30 oere is it sein brân master jûn.

De eigener fan de stâl ferwachtet ynkoarten mear as 100.000 piken. Dêrfan soene 12.000 yn de no fernielde stâl komme. De ynset is om it bedriuw sa gau mooglik wer te foarsjen fan wetter, stroom en gas, sadat de piken gewoan komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)