Fermist jonkje (8) út wetter rêden yn Dokkum

05 maaie 2016 - 20:18

Yn Dokkum is tongersdei oan it begjin fan de jûn in fermist jonkje fan 8 jier út it wetter rêden. De plysje hie om sawat seis oere in oprop op boargernet dien om út te sjen nei de fermiste jonge. Alerte ynwenners seagen him by de Suderskâns yn it wetter en hellen him derút.

In traumahelikopter waard ek ynset. Der jonge is mei de sike-auto oerbrocht nei it sikehûs. Wêróm't er yn it wetter bedarre is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)