Gemeente Súdwest-Fryslân wol amtlik apparaat ferjongje

De gemeente Súdwest-Fryslân wol de romte jaan oan jonge amtners. Op dit stuit leit de trochsneed-âldens fan alle amtners yn de gemeente op 49 jier. Dat wol de gemeente omdel bringe. Amtners boppe de 60 jier krije de mooglikheid om minder te wurkjen. Se leverje dan wol wat yn oan lean, mar behâlde de folle pensjoenopbou.
De regeling is op 1 maaie fan start gien. Súdwest-Fryslân hat sawat achthûndert amtners yn tsjinst. Hûndert fan harren binne 60 jier of âlder.