Dongferwurker Wâlterswâld wol útwreidzje nei oanpak stank

05 maaie 2016 - 18:54

De oanpak fan de stankoerlêst troch it bedriuw Mestverwerking Fryslân yn Wâlterswâld liket fertuten te dwaan. Dêrmei hopet it bedriuw de romte te krijen dy't nedich is om fjouwer kear safolle dong te ferwurkjen. It bedriuw wol graach útwreidzje.

It einprodukt giet nei it bûtenlân dêr't it as brânstof foar biofergisters brûkt wurdt. It fuort krijen fan de geur barde troch in saneamde 'gaswasker' yn te bouwen. De earste reaksjes út de omjouwing binne posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)