Havens Skylge en Flylân ferwachtsje dit wykein soad drokte

05 maaie 2016 - 18:34

De havens fan Skylge en Flylân ferwachtsje takom wykein in soad drokte. Troch de wurksumheden oan de Lorentzslûs by Koarnwertersân koene boatsjeminsken de ôfrûne wiken de havens op de beide eilannen min berikke. Se moasten omfarre oer Ljouwert of Den Oever om de beide Waadeilannen te berikken. De havenmasters fan beide havens hawwe de lêste seis wiken goed fernaam dat minsken net troch de slûs koene, al spile it minne waar ek mei.

Havenmaster Tjebbe van Weeren fan de jachthaven op Skylge sjocht dat, no't de slûs wer iepen is en it moaie waar der oankomt, der wer mear flecht op de koai is. Der wurdt sels noch mear drokte ferwachte: "Komende vrijdag is de HT-race en het Hemelvaartweekend staat voor de deur. Dus dan wordt het extra druk," seit van Weeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)