Bitgumer keatsers winne yn Tsjummearum

05 maaie 2016 - 18:09
  • It winnende partuer fan Bitgum yn Tsjummearum

It partuer fan Bitgum hat nei de oerwinning fan snein yn Weidum tongersdei ek de ôfdielingspartij fan Tsjummearum op syn namme skreaun. Johan van der Meulen, Cornelis Terpstra en Tjisse Steenstra wienen yn de finale mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Ljouwert. Foar Ljouwert keatsten Jouke Bosje, Herman Sprik en Hans Wassenaar.

De lytse preemje yn Tsjummearum wie foar it twadde partoer fan Minnertsgea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)