Publisist hat beslach lizze litten op AOW Maaike Vaatstra

Tinkplaat Marianne Vaatstra © ANP
Publisist Wim Dankbaar hat beslach lizze litten op de AOW fan de mem fan de fermoarde Marianne Vaatstra. Dat meldt de krante Algemeen Dagblad. Nei trije wiken hat er it beslach ek wer opheft, sa skriuwt de krante.
Dankbaar hat út it deiboek fan Maaike Vaatstra publisearre sûnder dat sy dat woe. Sy liet dêrom foar 200.000 euro beslach lizze op syn bankrekken. Dankbaar woe in diel fan it jild werom hawwe en stelde dêrom in claim yn dy't er dus letter wer ynluts.
Neffens advokaat Yehudi Moszkowicz fan Maaike Vaatstra hat it beslach op har AOW-útkearing djippe yndruk op syn kliïnte makke.
Marianne Vaatstra (16) waard yn 1999 fermoarde. Jasper S. waard dêrfoar feroardiele. Dankbaar tinkt dat hy net de echte dieder is. Justysje soe mei falsk spul by ûnder oare it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút de wiere dieders de hân boppe de holle hâlden hawwe. Dy binne frijút gien.