Steatsboskbehear traktearret op poppebak by sea-earnen

05 maaie 2016 - 15:16
  • De famylje De Bode út Amersfoort op poppebakiterij by de see-earn

De jonge see-earn yn it Lauwersmargebiet soarget foar in soad ekstra besikers op de plakken dêr't it nêst te sjen is. Dat makket Steatsboskbehear bekend. Moandei waard bekend dat seker ien jong yn it nêst sit. It nêst is net hiel goed te sjen trochdat der hieltyd mear grien oan de beammen komt. Boppedat is behoarlik fier fuort.

It is foar it earst yn twa jier dat der wer in jonge see-earn útbret is yn nasjonaal park Lauwersmargebiet. Steatsboskbehear traktearret de besikers op in poppebak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)