Warskôging by sportfjild Dronryp: 'Dit is sport'

05 maaie 2016 - 14:55
  • Spandoek by sportfjilden yn Dronryp
  • It keatsfjild fan Dronryp

Wa't de sportfjilden fan Dronryp op komt, wurdt frege om goed mei-elkoar om te gean op en by de fjilden. Dat stiet op grutte spandoeken dy't dêr hingje. It inisjatyf komt fan keatsers fan VvV Sjirk de Wal. Net omdat it der raar omwei giet by it keatsen, mar wol omdat it better kin. Neffens foarsitter Jan Willem van Beem heart emoasje derby, mar moatte sporters inoar nei ôfrin wol in hân jaan kinne. Alden fan spilers wurdt ek frege om it net te mâl te dwaan.

Van Beem fynt it in goed plan dat keatsbûn KNKB it idee ek oppakt. Hy wiist der wol op dat it bûn sels ek al mei inisjativen dwaande west hat foar earlik spul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)