Waaksma nimt 400 ritten deis oer fan Klomp

Taksybedriuw Waaksma út Koatstertille nimt it ferfier fan de kliïnten fan Alliade oer fan it fallite taksybedriuw Klomp. Foar Waaksma is dat in moaie ynstruier, want it giet om 400 ritten deis, goed foar 4 miljoen euro yn it jier. Alliade hat earst praat mei in bedriuw út Arnhem, mar hat no dochs foar Waaksma keazen.
Dat bedriuw is fan plan om it wurk op termyn wer troch oare bedriuwen dwaan te litten. Waaksma nimt tusken de 75 en 80 sjauffeurs fan Klomp oer. Sneon 14 maaie giet de nije opdracht fan Waaksma yn.