Drachtster moat 350 euro betelje nei belediging fan plysje
In 19-jierrige Drachtster hat woansdeitejûn in bekeuring fan 350 euro krigen foar it beledigjen fan in motorplysje. Dat wie op de Dotterblom yn Drachten. De plysje wie oanwêzich yn ferbân mei in melding fan lûdsoerlêst. De jongeman is ynsletten foar ferhoar en neier ûndersyk. Nei it beteljen fan de boete mocht hy it buro wer ferlitte.