Kollum: "We dogge it wer"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Hy is no yn Norlisk yn Sibearje, dêr't hy ûndersyk docht foar syn nije boek. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
Ferdinand de Jong is skriuwer fan Fryske boeken en hy is ien kear yn de wike kollumnist yn dit programma. Op dit stuit sit er net thús, yn Boarnburgum, mar yn Norilsk yn Sibearië. Dat klinkt net bysûnder, mar dat is it wol. Norilsk is in stêd mei in soad fersmoargjende yndustry, folslein ôfsletten fan de bûtenwrâld, eins sa as yn de tiid fan de âlde Sovjet-Uny.
Ferdinand krige it foar elkoar om in fisum te krijen, sadat er ûndersyk dwaan kin foar syn nije roman. De regio spile trouwens ek al in rol yn syn earste roman Guozzeflecht. De ôfrûne tiid hat er Norilsk dus kennen leard ûnder begelieding fan in gids en in tolk. Yn Fryslân fan 'e moarn en op www.omropfryslan.nl/ffm hâldt er in reisbloch by.