Rêdingsbrigade warskôget foar it kâlde swimwetter

Pas op! It swimwetter is noch hiel kâld
De rêdingsbrigade warskôget minsken foar it kâlde swimwetter. It wurdt de kommende dagen prachtich simmerwaar, mar it wetter is noch hiel kâld. Dêrtroch kinne minsken gau ûnderkuolle reitsje of kramp krije. It advys is dan ek om allinnich op plakken te swimmen dêr't de rêdingsbrigade oanwêzich is. Minsken moatte ek net te lang it wetter yn gean en de holle boppe wetter hâlde, want fia de holle giet de measte lichemswaarmte ferlern.
By it surfen of silen is it goed om wetsuit oan te dwaan en minsken witte te liten datst it wetter op giest.