Blomkemerk fan Ljouwert by WTC fanwege befrijingsdei

De jierlikse blomkemerk yn Ljouwert moat dit jier útwike nei it terrein by it WTC. Reden dêrfoar is dat Himelfeartsdei en befrijingsdei dit jier op deselde dei falle. Yn de binnenstêd binne alle aktiviteiten fanwege de befrijing. Foardiel fan de nije lokaasje is dat de besikers hiel ticht by de merk parkearje kinne.
Neffens merkmaster Emiel de Vlas bliuwt it foarearst by ien kear dat de blomkemerk by it WTC hâlden wurdt, mar as it sawol de besikers as de ferkeapers goed befalt dan sille se wol oer in mooglik ferfolch prate.
It WTC is hiel bliid mei de blomkemerk op syn terrein.