KNSB wol besunigje troch ferleging prizejild foar riders

04 maaie 2016 - 21:07

Reedrydbûn KNSB wol de finansjele problemen oplosse troch te snijen yn it prizejild foar reedriders, en ek yn de budzjetten foar de ferskillende soarten reedriden. Dy krije tenei minder stipe. Topsportfasiliteiten en talintûntwikkeling binne krúsjaal, seit it bûn, mar dy moatte it ek mei minder jild dwaan.

De ynkomsten yn de sport rinne tebek, skriuwt de KNSB, ek yn it reedriden. De lêste jierren komme der miljoenen euro's minder binnen by it reedrydbûn. Twa jier lyn koe it bûn noch rekkenje op 16 miljoen euro, no is dat noch 12,5.

Earder wie reedrider Sven Kramer bot fernuvere oer it plan fan de KNSB om it prizejild te ferleegjen. "Foar my is it in ekstraatsje," sei Kramer yn maart, "mar guon riders moatte libje fan dat jild. Ast it omdraaist, en seist by it bûnsburo: "Leverje de helte mar yn, en hast it mar te nimmen", dan rinne se allegearre jankend de doar út fansels."

It reedrydbûn snijt ek yn de eigen organisaasje. By it bûnsburo sille ûntslaggen falle. It buro wurdt hast in tredde lytser. De administraasje wurdt digitalisearre of útbestege. It bûn stekt wol jild yn marketing en kommersje. Sa wolle se besykje ekstra sinten binnen te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)