Europeesk follybal te djoer foar VC Snits

VC Snits (argyffoto) © Dijks Fotografie
De follybalfroulju fan VC Snits gean definityf Europa net yn. As lânskampioen meie se meidwaan oan de Champions League, mar dat wolle se net. It is te djoer foar de Snitsers. Boppedat wie it de lêste jierren dreech om de organisaasje fan de Europacupwedstriden foarinoar te krijen.
VC Snits wol him no konsintrearje op de ynterne organisaasje en bouwe oan in brede finansjele basis.
'Het is een lastige tijd voor veel sportclubs. Dat is bij ons niet anders. We zullen er het komende seizoen alles aan moeten doen om onze relaties uit te bouwen, zowel intern als extern', seit foarsitter Jabik Broersma.