Trochstream ferkear troch De Lemmer wurdt metten

Op De Lemmer wurdt metten hoelang't in auto deroer docht om troch it doarp te kommen. Kastjes oan lampepeallen oan de dyk detektearje bluetooth yn mobile telefoans en yn de autoradio's. De sinjalen wurde op de ferskate punten oppikt. Sa wurdt de reistiid bepaald.
Ferline jier binne de brêgetiden yn it doarp oanpast. Se gean no tagelyk iepen, sadat it ferkear mar ien kear hoecht te wachtsjen en dus better trochride kin. "Dat foarkomt in soad irritaasje", seit brêgewipper Albert Horzelenberg. De mjittings duorje de hiele simmer.
Privacy
Neffens de provinsje komt de privacy net yn gefaar. De sinjalen binne net te keppeljen oan de auto of it tillefoannûmer fan minsken.
Nije ynrjochting
De provinsje en de gemeente De Fryske Marren wurkje oan plannen foar in nije ynrjochting fan de dyk. Se sille dêr de gegevens fan it ûndersyk by brûke.
Drokke farrûte
Benammen yn de simmer is it drok mei toeristen dy't nei Súdwest-Fryslân ride. De provinsjale dyk dêr't de kastjes hingje, krúst op 'e Lemmer de Sylroede. Dat is sa'n drokke farrûte dat foar de brêge faak lange files ûntstean.