FIDEO: Ek Syriërs betinke oarlochsslachtoffers op 4 maaie

It is hjoed 4 maaie, de dei dat wy de slachtoffers fan oarlochsgeweld betinke. Dat binne de minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch harren libben foar ús frijheid jûn hawwe, mar ek oare slachtoffers fan oarlochsgeweld. Foar de minsken út Syrie dy't harren earste 4 maaie hjir meimeitsje is it ek in spesjale dei. Lykas Mohamed Haj Ali. Hy wennet no yn Oranje, mar wie dêrfoar yn Harns, Kollum en Ljouwert.