Taksybedriuw Arnhem ûntkent oername fallyt Taksy Klomp

04 maaie 2016 - 17:28

Taksybedriuw Willemsen en De Koning út Arnhem ûntkent dat se it fallite bedriuw Klomp oernaam hawwe. De kurator fan Klomp melde woansdeitemiddei dat Klomp in trochstart makket by it Arnhemmer bedriuw, en dat it it ferfier op koarte termyn yn goed oerlis mei de opdrachtjouwers oernimme soe. Dêrmei soe in wichtich part fan de wurkgelegenheid fan de goed fiifhûndert meiwurkers fan Klomp garandearre wêze.

No seit in wurdfierder fan Willemse en De Koning dat mei noch gjin inkelde opdrachtjouwer oerienstimming berikt is.

Willemse en De Koning is yn dy sin op dit stuit dus noch hielendal gjin partij, seit de wurdfierder. De eardere berjochtjouwing dêroer wie wat oan de betide kant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)