"Lit hynders gjin koart gers ite, dan kinne se deagean"

04 maaie 2016 - 16:52

In ynwenner fan De Gordyk warskôget minsken mei hynders foar it iten fan koart gers. Keimpe Strikwerda syn hynder Berber waard ferline wike samar ynienen siik en gie dea. It bist hie gers op it lân iten en in kolyk krige. De feedokter sei dat dat komt troch it gers. Troch de lege temperatueren groeit it gers net goed genôch en sitte der mear sûkers yn.

Strikwerda warskôget alle minsken mei hynders. Om't hy net op 'e hichte wie fan de sûkers, tinkt er dat oaren dêr ek neat fan witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)