Taksy Waaksma nimt ferfier Alliade-kliïnten oer fan Klomp

04 maaie 2016 - 16:28
  • Taksy Waaksma

It taksyferfier fan kliïnten fan Alliade, bygelyks nei de deibesteging, wurdt net dien troch it bedriuw dat it fallite Klomp oernaam hat, mar troch taksysintrale Waaksma út Koatstertille. Dat hat de soarchynstelling sels bekend makke.

Earder fan 'e middei waard bekend dat Klomp oernaam wurdt troch in bedriuw yn Arnhem. Dêr hat Alliade ek petearen mei hân, mar úteinlik is besletten om fierder te gean mei Waaksma. Waaksma en Alliade binne al bekenden fan elkoar.

It bedriuw út Koatsterille rydt al tsientallen jierren kliïnten, benammen foar Talant. Neffens Alliade hawwe sy bewiisd dat se dat oankinne. De nije ferfierder begjint op sneon 14 maaie. In lyts part fan de kliïnten kriget in nije sjauffeur. Safolle mooglik sjauffeurs fan Klomp gean troch mei it riden foar Waaksma. Se ride deselde rûte mei deselde bus. Alliade seit dat der wurdearring bestiet foar de wize hoe't de sjauffeurs fan Klomp harren wurk dien hawwe, nei it fallisemint fan ferline wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)