Ungelok mei motor op A6 by Sint-Nyk

04 maaie 2016 - 15:54
  • De traumahelikopter waard ek oproppen
  • Ferkear moat oer de flechtstreek nei ûngelok op de A6 by Sint-Nyk

De A6 hat woansdei oan 'e ein fan de middei in skoft ticht west nei in oanriding tusken Sint-Nyk en de rotonde by De Jouwer. Dêrby wie in motor belutsen dy't twa, en mooglik trije auto's rekke hawwe soe. Ferskate helptsjinsten en in traumahelikopter waarden oproppen en ek ynset. Op in stuit stie der in file fan in pear kilometer. Ferkear moast oer de flechtstreek.

Om sawat seis oere waard de dyk wer frijjûn foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)