Beswieren fersmiten, werynrjochting Europaplein giet fierder

It foarwurk wie al dien, de markante fontein waard earder al fuorthelle © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De werynrjochting fan it Europaplein yn Ljouwert mei gewoan fierder gean. De Rie fan Steat wiist de beswieren fan de feriening fan eigeners fan de Euroflat en de direksje fan it Eurohotel ôf.
De beswiermakkers wiene tsjin op de oanlis fan de fytstunnels. Dy soene ûnfeilich wurde. Fierders soe it hotel minder goed berikber wurde en soe de kultuerhistoaryske en monumintale wearde fan it plein en de fontein ferlern gean. De Ried fan Steat fersmyt al dy punten fan de beswiermakkers.
Wethalder Thea Koster fan Ljouwert seit dat de werynrjochting no pas echt begjinne kin, no't alle beswieren fan tafel binne. It wurk wurdt noch foar de simmer oanbestege. De oannimmer kin dan nei de boufak begjinne.