Minister Blok te gast by iepening ferboude pleats Garyp

04 maaie 2016 - 15:17
  • De pleats, hjir noch by de ferbouwings

Minister Stef Blok fan wenjen is op 11 maaie ien fan de gasten by de iepening fan de eardere pleats oan de Ielke Boonstraloane yn Garyp. Dêr binne sân betelbere keapapparteminten yn boud. Neffens Blok is it inisjatyf goed tsjin de krimp op it plattelân. Yn it Boerspul moatte jonge starters te wenjen komme. Slagget dat net, dan kinne it ek senioarewenten wurde.

Oannimmer Timmermans hat de ferbouwing sûnder provinsjale subsydzje útfierd, om't it wurk net paste binnen de regels fan de provinsje.

Timmermans waard earder útroppen ta Gariper fan it jier, nei't er soarchwenten makke hie yn it âlde molkfabryk. Yn it eardere fabryk sitte ek in húsdokter, in apoteek, fysioterapeut en in berne-opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)